Ljouwerter proef om jongerein wer op skoalle te krijen

14 maaie 2016 - 13:36

Yn Ljouwert set de kommende wike in proef útein om tsien dak- en thúsleaze jongeren wer yn 'e klas te krijen. As de proef slagget, kin mear jongerein holpen wurde. Net allinnich yn Fryslân, mar ek dêr bûten. Oant no ta moatte jongeren der yn 'e regel earst foar soargje dat sy harren problemen oplosse foardat sy wer oan ûnderwiis takomme. Dêrtroch wurde sy op efterstân set. Yn de proef wurdt besocht om skoallelessen te kombinearen mei it wer op oarder bringen fan harren libben.

In grut tal organisaasjes, de skoallen en de gemeente Ljouwert binne hjirby belutsen. In selde soart proef is al earder dit jier úteinset yn Grins.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)