Frou pakt hûnestront mei bleate hannen

14 maaie 2016 - 12:27

In dronken frou hat freedtejûn de stront fan har hûn mei bleate hannen oppakt en yn it wetter smiten. De 44-jierrige frou út Ljouwert die dat foar de eagen fan twa plysjeminsken. Dy hiene de frou oansprutsen op har gedrach. Se wie ferfelend en foel it útgeanspublyk yn de Grote Hoogstraat lestich. Under it petear dat de plysjes mei de frou op de Foarstreek hiene, skiet de hûn op strjitte. De frou joech oan dat se gjin pûdsje by har hie om it op te romjen, mar pakte de stront ynienen mei de hân fan strjitte en smiet it yn de stedsgrêft.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)