Mear waarmtetekkens foar fytsalvestêdetocht

14 maaie 2016 - 12:21

De organisaasje fan de fytsalvestêdetocht haldt pinkstermoandei ekstra aluminiumtekkens efter de hân, yn ferbân mei de lege temperatueren dy't ferwachte wurde. Ek de EHBO sil ekstra oplette op dielnimmers dy't troch de kjeld yn de problemen komme. Dit jier sil - folle mear as oars - let wurde op de ferplichte fytshelm.

De Alvestêdetocht is it slotstik fan in wykein mei ferskate fytsaktiviteiten yn Boalsert.

Trefwurden: 
fytsalvestêdetocht waar
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)