Twa tigers ûntsnapt yn Nijeberkeap

By de biste-opfang yn Nijeberkeap binne sneontemoarn twa tigers ûntsnapt. De plysje hat de bisten yn it each en besiket se op feilige wize werom te krijen nei de opfang. De bisten koene mooglik ûntkomme nei't in stek iepenstean bleaun wie. De plysje sette fuortendaliks grut yn mei in sykaksje nei de rôfbisten. Dêrby waard ek in plysjehelikopter ynset. Dêrneist is in bistedokter mei in ferdôvingsgewear oanwêzich. De omwenners binne warskôge dat der gefaarlike bisten losrinne.