Aksjekomitee bliuwt striden foar De Frosk

Swimbad De Frosk © Omrop Fryslân
It aksjekomitee foar it iepen hâlden fan swimbad De Frosk yn De Westereen jout de moed net op, no't de gemeente Dantumadiel gjin jild mear stekke wol yn it iepen hâlden fan it swimbad. De gemeente fynt dat te djoer. Neffens Willem Verf fan it aksjekomitee sille se takom wike mei de gemeente om tafel om oer de sitewaasje te praten. It komitee hat yntusken al mear as 4000 hantekeningen sammele fan ynwenners dy't wolle dat it swimbad iepenbliuwt. De Frosk gie ferline wike ticht, nei't eksploitant De Frosk BV yn april fallyt ferklearre waard.