Frysk stripboek en app oer 'In Wrâldreis yn 80 dagen'

14 maaie 2016 - 09:04
  • Smartphone

Der komt in Frysk stripboek en in app fan it ferhaal 'In Wrâldreis yn 80 dagen'. 'In Wrâldreis yn 80 dagen' is in avontureroman út 1873 en is skreaun troch de Frânske auteur Jules Verne. Yn it ferhaal is Phileas Fogg de grutte held. Hy leit in weddenskip ôf weryn't hy seit dat hy yn 80 dagen om de wrâld reizgje kin. In prestaasje dy't yn dy tiid hast net te dwaan wie. De app dy't oer dit ferhaal makke wurdt is bedoeld foar bern dy't op it middelber ûnderwiis sitte en kin ek goed brûkt wurde as lesmateriaal.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)