Kollum: "Natuerynklusyf lân"

14 maaie 2016 - 08:41
  • De Toan fan Eelke Lok

Eelke Lok fan De Gaastmar wurke 40 jier foar Omrop Fryslân en waard ûnder oaren bekend troch it politike praatprogramma ‘It Wapen fan Fryslân’ op de radio en ‘Gewest Fryslân’ op televyzje. Al jierren fersoarget hy kollums op de radio. De kollums fan Eelke kinne oeral oer gean: Fryslân, sport, polityk, kultuer of wat him ek mar opfallen is. Al syn kollums binne te finen op syn side Eelke’s Weblok.

"De kommende wiken wurde jimme deasmiten mei in nije term: Natuerynklusive lânbou. Ik kin der ek neat oan dwaan, sa neame se it lân wêrop't de boer folweardich buorkje kin mar dêr’t ek de natuer like folweardich stâl kriget. Dat is tige dreech hear, dat is net samar in stikje lân. Och heden nee, dat is hillich lân.

Ik sil jimme in foarbyld jaan. Wy krigen jierren en jierren lyn wat mear saneamd 'Fûgeltsjelân'. It wie wat tsjin it CDA, de VVD en de boeren yn, mar it ferlangjen nei natuer krige it ien en oar klear. Der waarden ôfspraken makke: safolle bunder fûgeltsjelân. Ofspraken krekt as by it bouwen fan grutte saken: dan ien persint fan it jild foar in keunstwurk. Dus foar 13 miljoen in lampke op de Ofslútdyk. Dêr skopt elkenien no tsjinoan, en dat barde dus op it lêst ek by fûgeltsjelân. Dat lei allegearre sa frjemd, soms wiid útinoar. It lei der wol moai hinne. Mar it wie wat leech. Sjoch, it wie de bedoeling dat de ljip dêrhinne fleane soe. Mar dy waard út argewaasje koloanjebrieder op it maislân. Tsjintwurdich rêde dy boeren dat maisfjild alwer op. Want al dy neisoargers te eameljen oer dy pear fûgels op dat maislân. Dat moat op tiid omhelle wurde, dan kinne je net om dy aaikes hinne ride. De ljip siket dus in oar plak. En de skries die dat ek. Dat wie lân bûten Fryslân, bûten Nederlân faak. De oerheid, ynjektearre mei pvdd-doping, Partij-voor-de-Dieren-doping, woe it wol stypje: se makken de skries ta nasjonale fûgel en de skries moat ús yn 2018 kulturele haadfûgelstêd fan Europa meitsje.

En no hawwe wy dus diskusje. Op allerhande fronten, op allerhande plakken. Kening fan de Greide besiket op alle fronten dy diskusje yn de hân te nimmen, mar dat slagget net. Se brûke ek wol in soad swiere wurden. Ek yn it boerefermidden sels is diskusje: kinne wy no ús lân sa ynrjochtsje dat we der gjin skea fan hawwe, wylst der dan mear skriezen komme, en dat we likegoed ek ús eigen bûter op ’e bôle ite. Mar ek de BFVW seit dat sy graach bepale wolle hoe’t it boerelân derút sjen moat. Datselde wol de oerheid dwaan, mar dan mei jild. Natuerynklusive lânbou seit de iene helte, lânbouynklusive natuer sizze de oaren.

Fryslân wie eartiids in lân fan skippers en boeren. Dy skippers hawwe neat mei fûgels. Boeren hawwe tefolle mei fûgels, want njonken de greidefûgel sitte se ek mei rôffûgels, want dy ite wer jonge subsidiearre ljippen. En se sitte benammen mei de guozzen dy’t mear plak ynimme as de skiep yn dizze provinsje. Skippers en boeren wiene de befolkingsgroepen dy’t mar ien ding echt foar eagen hiene: harren frijheid. Se bepale alles sels. In neisoarger moat Himelfeartsdei efkes nei skoanmem. Hy giet dêr rêstich hinne, om't syn boer sein hat dat der de earste dagen dochs net oan meanen takomt. Dan wurdt it ynienen moai waar en dan komt de neisoarger wer thús en hat de boer de earste kuil al op it hiem stean. Mar miskien ek wol trije nêsten stikken meand. It is net te foarsizzen. Waar en natuer bepale alles. Dy litte harren net ynpakke troch ûndersyksburo’s. Of ôfspraken tusken oerheden en boeren, sels net as se beklonken binne mei jild. Dan kin dy boer wol mei help fan professor Piersma moai blomryk gers ynsiedde hawwe, as dy boer dan in tredde fan de molke minder hat of net foar 15 maaie meane mei, dan hâldt it allegearre gjin stân mear. De natuer bepaalt. En njonken dy frije boer en skipper, is ek de natuer folslein frij yn har dingen.

Dus alle drege, leave en hurde wurden dy’t der de kommende wiken sprutsen wurde sille oer natuerynklusive lânbou, hawwe te krijen mei hokker klup je oan it hert leit, hoe’t de eigen wurkwize is, wat der noch oan jild is, en wat je as boer wolle, hoe’t je tinke oer buorkjen. Witte jimme dat der yn Fryslân hjir en dêr al wer boeren binne dy’t biologysk boer wurde. Der wurdt echt wol oer neitocht. Mar fyn der asjeblyft oare wurden foar út. Natuerynklusive lânbou. Of betsjut dat gewoan it âlde boerelân?"

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)