Kânsleas ferlies fuotbalfroulju SC Hearrenfean

13 maaie 2016 - 22:23

De fuotbalfroulju fan SC Hearrenfean ha freedtejûn de thúswedstriid tsjin kampioenskandiaat FC Twente kânsleas ferlern mei 5-0. De Feanster froulju kamen al gau op in 2-0 efterstân. By it skoft wie it al 3-0. Ek yn de twadde helte hie Hearrenfean net folle yn te bringen en koe Twente fierder útrinne nei 5-0.

Gjin nij besikersrekôr

De aksje dy't op tou setten wie om 10.000 besikers nei it Abe Lenstra stadion te lûken is net slagge. It wiene der freedtejûn nei skatting in lytse 3.000. De tagong wie fergees mei it doel om it rekôr fan ADO Den Haach fan rom 6000 besikers te ferbrekken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)