Hinder skipfeart troch wurksumheden oan Lorentzslûzen

13 maaie 2016 - 21:10
  • De Lorentzslûs

It skipfeartferkear by de Lorentzslûzen by Koarnwertersân moat fan no tiisdei ôf rekken hâlde mei opûnthâld. Rykswettersteat fiert oant en mei 1 july wurksumheden út oan it slûzekompleks. It giet ûnder oaren om it weromhingjen fan de stoarmfloeddoarren en wurksumheden oan it remmingswurk.

De lytse slûs is oant en mei 10 juny bûten wurking en de hiele perioade is de eastlike trochfeart fan de brêge ticht. Ein juny wurdt der nochris wurke oan de grutte en lytse slûs.

De wurksumheden by de Lorentzslûzen smyt foarearst gjin hinder op foar it autoferkear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)