'Slachthynder' Derek komt sneon lang om let wer yn aksje

13 maaie 2016 - 17:30
  • Arend de Wrede
  • Aart Schutrups

Derek Buitenzorg, it hynder dat troch de sportredaksje fan Omrop Fryslân fan de slacht rêden waard en oplaat ta draafhynder, komt sneontemiddei foar it earst sûnt in healjier wer yn aksje yn Wolvegea. Derek waard begjin novimber ferline jier operearre oan de knibbels fan syn achterste skonken en moast dêrnei in skoft revalidearje. Mar no is hy der wer klear foar.

Pikeur en trainer Arend de Wrede en sjirurch Aart Schutrups hawwe der alle fertrouwen yn dat hy better werom komme sil as foar syn operaasje.

De Wrede hopet en rekkenet der ek in bytsje op dat hy nei eardere twadde en tredde plakken dit jier syn earste koers winne kin.

Derek start sneon yn koers 5 om 13:30 oere.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)