Boa konstriktor yn Winaam is noch net fûn

De boa konstriktor yn Winaam is noch net fûn. De ûntsnapte wurchslang soarget foar de nedige ûnrêst yn it doarp. De slang is sjoen yn in stikje natuer krekt bûten it doarp. In earste syktocht hat noch neat opsmiten en it is net bekend wêr't it bist no bleaun is. Freedtejûn nei sinneûndergong, as slangen aktyf wurde en jeie, wurdt opnij socht.
Tongersdeitemiddei waard foar it earst socht nei de slang troch meiwurkers fan de diereambulânse, nei't der in melding binnen kaam wie by de plysje. De slang soe mear as in meter lang wêze en in pols dik.