Minister Hennis:F-16's namen IS yn Syrië 4 kear ûnder fjoer

13 maaie 2016 - 12:54
  • Minister Hennis fan definsje

Nederlânske F-16's hawwe oant no ta fjouwer kear doelen fan IS yn it easten fan Syrië ûnder fjoer nommen. De jachtfleantugen hawwe mei-inoar sân missys boppe it gebiet útfierd. Dat skriuwt minister Jeanine Hennis-Plasschaert fan Definsje oan de Twadde Keamer. It gie by de missy likegoed om it bombardearjen fan fêste doelen as it stypjen fan troepen op de grûn.

Sûnt febrewaris binne fjouwer Nederlânske F-16's warber boppe Syrië. Oer de ynset boppe dat lân is lang twivele, mar yn febrewaris gie ek de PvdA akkoart.

Begjin dizze moanne die by de besite fan de keamerkommisje fan Bûtenlânske Saken oan de Nederlânske militêren op harren basis noch bliken dat de Nederlânske F-16's net faak boppe Syrië ynset wurde fanwege beheinings yn de kommunikaasjemooglikheden. Dat hat der ta laat dat minister Hennis in soad fragen krige fan keamerleden. Yn antwurd op dy fragen hat Hennis no skreaun dat der fjouwer kear bommen ôfsmiten binne boppe Syrië.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)