Van der Zwan is lulk op COA fanwege skeinde ôfspraken

De komst fan in asylsikerssintrum op It Hearrenfean driget flinke fertraging op te rinnen. Dat komt neffens boargemaster Tjeerd van der Zwan omdat it Centraal orgaan Opvang Asielzoekers (COA) ynienen mei oare betingsten komt. Der wie tasein dat der fêste bebouwing komme soe, omdat de gemeente dat woe.
No wol it COA ynienen dat der units komme dy't maklik ôf te brekken binne. Dy ûnderkommens binne pas folle letter beskikber en jouwe ek oare problemen. Boargemaster Van der Zwan is min te sprekken oer de gong fan saken.
De boargemaster is ek fernuvere, foaral omdat de tariedingen oant no ta goed rûnen. De kontakten mei de minsken fan de regionale ôfdieling fan it COA wiene ek goed. De boargemaster giet der fanút dat it allegearre yn oarder komt foardat it definitive akkoart mei it COA tekene wurdt. Dat is nije wike freed.