Afvaloven Nee en Omrin foar de rjochtbank yn Grins

In tal tsjinstanners fan de REC yn Harns stie freed tsjinoer de provinsje foar de rjochter yn Grins. De groep is der op tsjin dat de REC mear ôffal ferbaarne mei. Deputearre Steaten fan Fryslân hawwe dêr tastimming foar jûn.
Aksjegroep Afvaloven Nee wol ek witte op wat foar temperatuer it ôffal krekt ferbaarnd wurdt. Want neffens de tsjinstanners soe dat net goed gean. Neffens de provinsje Fryslân soe de aksjegroep 'net ûntfanklik' wêze. Advokaat Sarolea neamt dat argumint 'ûnsin'.
Neffens Sarolea is der wat 'nuvers' oan de hân mei de temperatueren by de REC. De aksjegroep wol dêrom dat de mjitgegevens iepenbier makke wurde. By ferbaarning by in temperatuer ûnder de 850 graden bestiet neffens de aksjegroep de kâns dat der dioksine frijkomt. De útspraak yn de saak wurdt net earder ferwachte as oer seis wike.