Fûgelhelling hâldt online feiling foar fûgelkreamkeamer

13 maaie 2016 - 10:35
  • Wetterfûgels yn de fiver fan de Fûgelhelling
  • De fiver fan de Fûgelhelling

De fûgelhelling yn Oerterp is dwaande mei in online feiling om jild op te heljen foar in nije kreamkeamer foar fûgels. De kreamkeamer is nedich omdat de fûgels safolle mooglik yn rêst opgroeie moatte. Op dit stuit sitte de fûgels dy't krekt út it aai krûpt binne noch yn in romte mei in protte leven.

In nije kreamkeamer moat foar rêst soargje en dat is ek foar de frijwilligers in goede saak. Neffens Hetty Sinnema fan de Fûgelhelling wurde de meiwurkers bytiden gek fan it leven.

It doel is om de karantênekeamer om te bouwen ta kreamkeamer. Dêrfoar is 3.000 euro nedich. Op de Fûgelhellingfeiling kinne minsken op ferskate saken biede, lykas in túnman, in beautysalon of in boatreiske. Oant de ein fan de moanne hopet de Fûgelhelling genôch jild te hawwen, want dan hat de iepen dei fan 28 maaie ek west.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)