Marrit Leenstra nei Italiaanske reedrydploech

Marrit Leenstra fan Wikel sil har de kommende twa seizoenen oanslute by it nasjonale reedrydteam fan Italië. Leenstra wie al in skoft op syk nei nije trainingspartners. Dy hat Leenstra no fûn by de Italiaanske bûnscoach Maurizio Marchetto.
Leenstra hopet op wei nei de Olympyske Winterspelen fan 2018 yn Súd-Koreä ek sels noch ien of ferskate sponsors te finen. Leenstra bliuwt gewoan foar Nederlân riden, ek al traint se yn Italië. "Ik wol nije prikkels, hurder traine as de rest en ek sterker en better wurde", seit Leenstra oer har stap.
"Yn Italië sit in jong team en in trainer dy't bekend stiet om syn swiere trainingsprogramma, dêr't hy ek súksessen mei boekt hat. Ik tink dat ik syn folgjende súkses wurde kin." Leenstra hat al langere tiid goeie kontakten yn Italië. Sy is troud mei de Italiaanske eardere hurdrider Matteo Anesi. Hy is assistint fan Marchettto.