André Olijslager foarsitter ried fan kommissarissen Arriva

13 maaie 2016 - 09:37

André Olijslager (71) is de nije foarsitter fan de ried fan kommissarissen fan Arriva Nederlân. Olijslager is de opfolger fan Lense Koopmans, dy't ferline jier ferstoar. Olijslager hat in soad ûnderfining yn it bedriuwslibben. Hy wie ûnder oare foarsitter fan de konserndireksje fan Friesland Foods, fise-foarsitter fan ABN Amro en foarsitter fan de ried fan kommissarissen fan boubedriuw Heijmans.

Op dit stuit is Olijslager foarsitter fan de ried fan kommissarissen fan de Dirk-supermerken en kommissaris by Center Parcs en Van Gansewinkel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)