Kollum: "Himmelje is as in frijpartij"

13 maaie 2016 - 08:48

Nynke Sietsma is freelance sjoernaliste foar ferskate kranten en tiidskriften. Nynke is hikke en tein yn De Rottefalle, mar wennet no yn Den Haach. Har kollums geane oer it daagliks libben of wat har ek mar ferwûndert. Se is te folgjen op Twitter.

"Poetse. Ik ha der in ferskuorrende hekel oan. Jo ek?

By guon minsken is it poets-gen gewoan net meilevere by de konsepsje. Sa ek by my. Der skine minsken te bestean dy't er just sljocht op binne. Se wurde zen fan striken en húshimmeljen fielt as in goeie frijpartij. Se fiele grut gelok as de keuken soppe is.
Ik net. Ik bedoel, natuerlik, ik fyn it ek lekker om iten te sieden yn in opromme keuken mar ik sied der gjin jirpel better om as it blinkt.

Mar himmeljen moat, en hielendal as je lytse bern ha. Of in man. Lit stean bern en in man. Want bern binne fiispeuken. En mannen spetterje. Fine se totaal gjin probleem. Pas as se sels ek mei de bleate poaten oan de bemiigde wc-flier fêstplakke, komme se yn aksje. Hoe't wy as minskesoarte oerlibje, is my in riedsel. Sille we by dizze ôfprate dat we it by wet fêstlizze dat spetterders de wc om de, pak 'm beet, fjouwer dagen skjinmeitsje? Froulju bin ek goar, dus ferjit de bril net. Tige tank.

Foardat ik mem waard, koe it hiele húshâlden my de broek echt net bolje. Ik begûn pas te himmeljen as it echt net mear koe. Dan gong ik as in tornado troch it hûs. Sa no en dan doch ik dat noch. De kat sit dan bang mei grutte eagen en in helm op yn in hoekje en ik bin fierder net oansprekber.
Sels doe't ik yn ferwachting wie, bleau de o sa wolkomme poetsdrang út. By myn freondinne wie de nesteldrang just sa yntins dat se mei har heechswiere dikke bûk op 'e knibbels lei om har ûne te himmeljen. De gloardampen sloegen har temjitte. Se wist ek echt wol dat it net goed wie foar de poppe mar se hie it no ienkear yn de holle. Sy wol.

Gelokkich ha ik steun fan poetskeninginne Diet Groothuis. Sy hat ek in hekel oan poetsen mar skreau der dochs in hiele poetsbibel oer, Het Grote Poetsboek. Foar poetsmislukkelingen sa as ik. Har boek lêst lekker fuort en is ek grappich mar ek alarmearjend. Want al ús poetskunde giet ferlern.

Us beppes wísten gewoan dat je stjonkend swit mei in soadabadsje út je klean krije en wêrom je in hurde bjinder yn hûs ha moatte. Myn generaasje wit neat en swifferet mar wat en hellet djoer, ûnnedich, gemyske rommel yn hûs. Diet seit: net wer keapje. Nuttich binne: soada, skjinmakjittik en wat allesreiniger. Mei soada kin je hast alles. It is ek nochris ferhipte goedkeap. Goare blommefazen, stjonkende skuon of in ôfwaskmasjine dy't nei in jarretank rûkt: soada is your best friend.

Wat ik ek learde fan Diet is hoe goed je in hûs fentilearje moatte. Eltse keamer in healoere per dei luchtsje. Foaral nei it dûsen it raam iepen en ek as je yn in keamer wask drûgje litte. Wist ik net, mar skeelt benaudens. Ek noait witten: in heale sitroen meiwaskje as de ôfwaskmasine meurt. Diene beppen en memmen fan ús, dy wisten noch ris wat.

Har belangrykste tip fyn ik de minst leuke mar is wol hiel nuttich en o sa logysk: eltse dei in kertierke poetse om grip te hâlden op de gaos. Sysels docht it foar it sliepengean. Efkes de skuon yn de gong, de krante yn de papierbak en in farsk doekje op it oanrjocht. Klinkt net echt dreech. Ik bin om. Tink ik."

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
De Toan fan Nynke Sietsma
(advertinsje)
(advertinsje)