Kern van Cambuur stelt krityske fragen oan direksje

Direksje en bestjoer fan Cambuur joegen tongersdei tekst en útlis oan de supporters oer de degradaasje. Supporters holden ferline wike in protestaksje tsjin technysk direkteur Henry van der Vegt. Sy hâlde him ferantwurdlik foar de degradaasje nei de Jupiler League.
Op de foarumjûn hawwe direksje en bestjoer tasein dat se tenei 'transparanter' wêze sille oer de besluten dy't se nimme. Neffens foarsitter Kees Elzinga fan de Kern van Cambuur is de ûnrêst noch net fuort, mar is der no wol in stik dúdlikheid.
Direksje en bestjoer hawwe tongersdei oanjûn dat se foar it kommende seizoen stribje nei in plak yn de top 3 fan de Jupiler League. En, as it heal kin, wol Cambuur wer sa gau mooglik werom nei de earedifyzje. It is dêrfoar wol foar belang dat de plannen foar it nije stadion trochgeane.