Kallemooifeest Skiermûntseach krijt hoannepuzel

13 maaie 2016 - 07:20

De Stichting Dierbewustleven hat de organisaasje fan it Kallemooifeest op Skiermûntseach in puzel yn de foarm fan in hoanne stjoerd. Dêrmei uteret de stifting krityk op dit feest dat mei de pinksterdagen hâlden wurdt. In hoanne wurdt dan opsletten yn in koer mei wite bôle, dêr't it bist trije dagen lang op 20 meter hichte yn sitten bliuwt.

Neffens Dierbewustleven is dat net fan dizze tiid en soarget it foar stress by de hoanne. Oare organisaasjes kamen earder ek al mei dizze krityk. Oant no hat de organisaasje de tradysje trochset.

Trefwurden: 
Kallemooi hoanne
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)