Nederlânske JSF-testers belibje bysûndere tiden yn Amearika

In hurde knal. Fuort dêrnei wer ien. De foarljochter fan Edwards sjocht omheech. Hy wiist nei in lytse wite stip. In fleantúch fan NASA. Se binne harren oan it tarieden op in ûndersyk nei de lûdsbarriêre. Dat bart ein maaie. It is sa't se hjir sizze: business as usual.
De fleanbasis Edwards is in bysûnder plak. It is eins it berteplak fan de moderne loftfeart. De basis is yn 1933 oprjochte. Yn de Twadde Wrâldoarloch wie it in opliedingsplak foar piloaten. Nei de oarloch waard it omfoarme ta it testsintrum fan de Amerikaanske loftmacht. De ferneamde testpiloat Chuck Yeager gie der as earste troch de lûdsbarriêre. It wie it begjin fan in soad nije rekôrs dy't fêstige waarden troch de jierren hinne. De NASA hat hjir ek syn ûnderkommen. De Spaceshuttle lâne geregeld op de sân kilometer lange lâningsbaan. No stiet der njonken in hangaar noch in skaalmodel fan de cockpit fan in spaceshuttle.
Grutsk op prestaasjes
In pear hûndert meter fierderop stiet in blaugriis gebou. It is it ûnderkommen fan de Nederlanners op Edwards. Ferline jier ferhuze it Ljouwerter 323 squadron 'Diana' nei de basis. Der wurdt yn it testprogramma gearwurke mei de Amerikanen, de Australiërs en de Britten. It team fan 40 man spilet in grutte rol. As lytse groep krije se in soad foarinoar. It ûnderhâld oan it tastel giet in stik makliker en ek prosedueren wurde ynkoarten. Piloat Laurens Jan Vijge is grutsk op de prestaasjes fan it team. "Met dit kleine team maken we relatief veel vlieguren en kunnen we veel missies uitvoeren. Ons personeel wordt zo opgeleid dat ze multi-inzetbaar zijn. Dus is er iemand ziek dan neemt een ander zijn taken over en kunnen wij gewoon doordraaien."
Skiednis skriuwe
Oan de skiednis ûntkomt ek Vijge net. "Als team staan we er niet vaak bij stil. Toch worden ook wij met z'n allen iedere keer weer enthousiast als iemand van buiten daarover begint. Het is hier ook gewoon een bijzondere plek." Dêr kin je ek net omhinne. Oeral op de basis stean fleantugen dy't yn it ferline brûkt binne yn testprogramma's. By in hangaar oan de súdkant fan de basis leit noch in gat yn de grûn. Dêr waard it X-1 fleantúch ûnder in bommewerper hongen. Mei dat tastel fleach Chuck Yeager troch de lûdsbarriêre. In barriêre dy't foar de piloaten fan no al net sa bysûnder mear is.
Yn 2019 nei Ljouwert
It testen giet de kommende tiid noch troch. Pas yn 2019 komt de groep werom nei Ljouwert. Dat is it jier dat de Nederlânske F-35's levere wurde. Alle flaters dy't der no noch ynsitte moatte dan ferline tiid wêze. En it moat dus ek mooglik wêze it Nederlânske loftrom te beskermjen. Dat is mei dizze F-35 noch net mooglik. De software wegeret wolris. De ferwachting is dat dy problemen gau oplost wurde.