Boa konstriktor sjoen yn Winaam

Mooglik krûpt der in ûntsnapte boa konstriktor om yn Winaam © Omrop Fryslân
De plysje hat tongersdei in melding krigen dat der in boa konstriktor yn Winaam sjoen is troch in ynwenner fan it doarp. De slang soe mear as in meter lang wêze en in pols dik. De diereambulânse Dier in Nood is doe ynskeakele, mar meiwurkers koene de slang net fine. Se dogge no in oprop oan Winamers om harren te beljen as se de slang sjogge.
Mei dit waarme waar kinne se hiel aktyf wêze. En al is it in wurchslang, hy kin ek giftich wêze. Utsjen dus, seit de diereambulânse.