Redmond O'Hanlon komt nei Fryslân foar boekpresintaasje

12 maaie 2016 - 20:54
  • Redmond O'Hanlon

Redmond O'Hanlon komt nei Fryslân. Op 1 juny sil er yn Drachten fertelle oer syn ûnderfiningen mei talen en minderheden oer de hiele wrâld. De Ingelske skriuwer is ferneamd wurden troch it telefyzjeprogramma 'De reis van de Beagle', en letter hat er foar de VPRO in programma makke ûnder de titel 'O'Hanlons Helden'.

De oanlieding foar syn komst is de presintaasje fan in Frysktalich stripboek dat ferskynt by de Fryske útjouwerij Regaad. It giet om in bewurking fan it ferhaal 'In reis om de wrâld yn 80 dagen' fan Jules Verne.

App

It stripboek is tekene troch Roelof Wijtsma. De strip wurdt 25 maaie ek as app útbrocht, ferrike mei animaasje, audio en in soad eftergrûnynformaasje, om sa in oantreklik learmiddel foar meartalich ûnderwiis te bieden. Oan de ein fan de jûn yn Drachten sil it earste eksimplaar fan it stripboek oanbean wurde oan Sietske Poepjes, deputearre fan kultuer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)