FIDEO: Ljouwerter film nei filmfestival Cannes
De film 'Ritus' fan Johanneke Dijkstra wurdt nije wike fertoand op it ferneamde filmfestival fan Cannes. En dat is bysûnder foar de 28-jierrige filmmakster fan Ljouwert. "Ik dream hjir al fan sûnt ik jong wie." De film docht mei om de prizen yn de kategory 'short films'.