Sirkus Barani lilk oer skrassen foarstellingen yn Sint-Anne

12 maaie 2016 - 19:49
  • Sirkus Barani
  • Sirkus Barani

Sirkus Barani moat alle foarstellingen yn Sint-Anne skrasse. It sirkus soe fan 18 oant en mei 22 maaie de tinten opsette op in parkearterrein yn Sint-Anne, mar it docht bliken dat it terrein dan al fol stiet. Op dy datum is nammentlik it jierlikse Stannemet en stiet dêr in merke op it plak. Sirkus Barani is hjir lilk oer.

It sirkus wiist mei in beskuldigjende finger nei de gemeente It Bilt. Neffens sirkusdirekteur Johan Zinnecker hat de gemeente it parkearterrein dûbeld boekt, foar sawol Barani as ek foar it Stannemet.

"Sneu foar alle partijen"

De gemeente seit lykwols dat dat net wier is. De gemeente hat begjin dit jier in fergunning oan it sirkus jûn om yn Sint-Anne te kommen, mar hat net spesifisearre op hokker dagen dit wêze soe, seit wethâlder Nel Haarsma yn de Bildtse Post. "Dit is sneu foar alle partijen, mar dit hie better ôfstimd wurde moatten."

Sirkus Barani is fan 25 oant en mei 27 maaie wol te sjen op De Gordyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)