Boerûndeesk gesin út Burgum wurdt definityf útset

12 maaie 2016 - 18:45
  • It azc yn Burgum

De Boerûndese Aline Ndikumana en har twa bern wurde definityf it lân útset. Se moatte werom nei Boerûndy. Tongersdeitejûn wurde se al op it fleantúch set nei it Afrikaanske lân. Boargemaster Ter Keurs fan Tytsjerksteradiel besocht tongersdei foar de alderlêste kear útsetting foar te kommen. Hy tsjinne in fersyk yn by steatssekretaris Dijkhoff fan feilichheid en justysje. Dit fersyk wurdt net honorearre.

Aksje yn Burgum

Ndikumana wenne in skoft yn it azc yn Burgum. Yn dat plak waard de ôfrûne tiid in aksje opset om it Boerûndeeske gesin yn Nederlân te hâlden. De twa froulju yn Burgum dy't de aksje laat hawwe, binne bot teloarsteld oer it beslút fan de steatssekretaris. Mirjam Deelstra: "We zijn behoorlijk verslagen. De staatssecretaris wil niet zwichten. Ze worden vanavond op het vliegtuig terug gezet. We staan met lege handen."

Bedrige mei de dea

Aline Ndikumana flechte tsien jier lyn nei Nederlân en krige hjir twa bern, dy binne no seis en fjouwer jier. Neffens Deelstra is Ndikumana net feilich yn Boerûndy. "Ze wordt bedreigd en is bang dat ze wordt vermoord wanneer ze landt", seit Deelstra. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)