Doarpsplein Aldeberkeap krijt nije kiosk en muzykkoepel

12 maaie 2016 - 17:47
  • De kiosk fan Aldeberkeap wurdt ôfbrutsen

De âlde Open Stal kiosk op it doarpsplein fan Aldeberkeap is tongersdei ôfbrutsen. De houten kiosk wie ferrotte. Dus komt der in nije troch arsjitekten ûntwurpen kiosk foar werom yn de foarm fan in houten fjouwerkant dat útelkoard teard wurde kin.

Yn de kiosk kinne al 43 jier lang kaartsjes kocht wurde foar de keunstrûte. De keunstrûte wurdt dit jier foar de 45e kear hâlden fan 23 july oant en mei 21 augustus.

Omdat omwenners it net sitten seagen om dizze nije kiosk in permanint plakje te jaan, is de kiosk no mobyl en wurdt er opslein as er net nedich is. It bliuwt net by in nije kiosk want it hiele plein wurdt oanpakt yn 'e mande mei pleatslik belang. Underdiel fan de plannen is de komst fan in muzykkoepel. Ek de koepel kin fan it plak ôf as der gjin gebrûk mear fan makke wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)