De Streekboer hellet 100.000 euro op mei crowdfunding

12 maaie 2016 - 16:49

Mei crowdfunding ha de inisjatyfnimmers fan De Streekboer 100.000 euro ophelle. Dat is twa kear safolle as se eins ha woenen. De inisjatyfnimmers wolle graach útwreidzje nei Grinslân en Drinte. Se bringe boeren en konsuminten mei-inoar yn kontakt. Alles wat de boeren ferkeapje, stiet op ien webside. Minsken kinne it dêr bestelle, en ophelje op in lokaasje yn de buert.

Op it stuit binne der sokke lokaasjes yn Ljouwert en It Hearrenfean, en meikoarten komt Snits dêr ek by. Fan 't simmer wolle de inisjatyfnimmers ek los yn Drachten en Grins.

Jildsjitters út it hiele lân

Mark Laagewaard is direkteur fan it crowdfundingsplatfoarm. Hy sjocht dat benammen lokale en belutsen ûndernimmers ynvestearje. "Met een gemiddelde investering van € 757,- laten 132 investeerders, zowel consument als boer, zien dat ze in het idee van een eerlijke manier van boodschappen geloven." Yn it begjin wiene de jildsjitters benammen belutsen boeren, seit inisjatyfnimmer Janco Heida, "mar it is wat op de loop gien. It binne no minsken út it hiele lân wei: Amsterdam, Breda, plakken dy't je net ferwachtsje."

Lokale produkten

Yn de simmer fan 2015 binne de inisjatyfnimmers úteinset mei de earste lokaasje yn Nijhoarne. Se wolle in merk kreëarje foar pleatslik produsearre iten, en minsken stimulearje om iten út eigen streek te kiezen. "De minsken wolle hjoed-de-dei graach witte wêr't har iten weikomt en hoe't it makke wurdt", sa seit Heida.

Trefwurden: 
De Streekboer crowdfunding
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)