"Berne-earmoede is ûnakseptabel"

© ANP
De steatefraksje en de gemeenteriedsfraksje fan de PvdA yn Ljouwert wolle dat bern dy't opgroeie yn earmoede, mear stipe krije. Se wolle ûnder oaren witte oft de provinsje gesinnen helpe kin.
De partij fynt it ûnakseptabel dat goed ien op de acht Fryske bern opgroeit yn earmoede. Yn Ljouwert is dat ien op de seis bern. De PvdA wol ek witte oft de gemeente wol genôch docht om earmoede te bestriden.
Oplossing
“Armoede zet kinderen al vroeg op achterstand en kan levenslang doorwerken", sa sizze Remco van Maurik en Tamara Bok fan de PvdA. Der moat neffens harren sa gau mooglik in oplossing fûn wurde foar de berne-earmoede.