Boargemaster Tytsjerksteradiel wol asyl Boerûndeesk gesin

It azc yn Burgum © Omrop Fryslân
Boargemaster Ter Keurs fan Tytsjerksteradiel docht in alderlêste poging om útsetting fan de famylje Ndikumana nei Boerûndy foar te kommen. It gesin hat yn it azc yn Burgum wenne, mar sit no yn it detinsjesintrum yn Zeist.
Aline Ndikumana flechte tsien jier lyn nei Nederlân en krige hjir twa bern, dy binne no seis en fjouwer jier. Tongersdeitejûn wurde se lykwols op it fleantúch werom set nei Boerûndy. Boargemaster Ter Keurs tsjinnet in fersyk om asylferlinging yn by steatssekretaris Dijkhoff.
Hy docht dat op fersyk fan twa froulju út Burgum, dy't al in skoft aksjefiere om it gesin hjir te hâlden.