100.000 euro subsydzje foar sirkulêre ekonomy

Jild © Omrop Fryslân
De Vereniging Circulair Fryslân krijt 100.000 euro subsydzje fan de provinsje om de sirkulêre ekonomy te stimulearjen. Dat betsjut dat produkten en materialen op 'e nij brûkt wurde.
De feriening wol gearwurkje mei ferskate Fryske organisaasjes en organisearret projekten en aktiviteiten. Neffens de Vereniging Circulaire Friesland biedt in sirkulêre ekonomy in soad kânsen foar ûndernimmers. Je besparje bygelyks jild, trochdat der minder grûnstoffen brûkt wurde.