Kolleksjesintrum Fryske musea offisjeel iepene

12 maaie 2016 - 13:51

Deputearre Sietske Poepjes hat tongersdiei it nije Kolleksjesintrum by de glêzen piramide oan de westkant fan Ljouwert iepene. Yn it depot wurde de kolleksjes ûnderbrocht fan fiif Fryske musea en ynstellingen.

It giet om it Fries Museum, Tresoar, it Natuurmuseum Fryslân yn Ljouwert, it Frysk Skipfeartmuseum yn Snits en it Frysk Lânboumuseum yn Earnewâld. It Fries museum hat der al in soad guod hinne brocht, de oare musea sille dat noch dwaan.

Unyk yn Nederlân

Bysûnder is dat alle stikken net opslein wurde foar elts museum apart, mar neffens kategory: skilderijen bij skilderijen, meubels bij meubels bygelyks. Der is ien mienskiplik registraasjesyteem. Dizze wize fan wurkjen is unyk yn Nederlân.

It kolleksjesintrum is boppedat tige duorsum. It sintrum is boud neffens 'Deensk model'. Dat wol sizze dat de muorren en it dak tige tsjok en goed isolearre binne, mar dat de flier tin is. Dêrtroch ûntstiet in tige koel klimaat, mei hiel beheinde temperatuerskommelingen. Hjirtroch kin it kolleksjesintrum sûnder djoer aircosysteem. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)