Afûk presintearret tûzenste boek

12 maaie 2016 - 13:04

De Afûk hat tongersdei yn Ferwert it tûzenste boek presintearre: "Skelte wol in skelter ha". Dat is in oarspronklik Frysk printeboek, skreaun troch Joke Scheffer en yllustrearre troch Anna Sikkes. Wethâlder Jaap Hijma fan Ferwerderadiel krige it boek oanbean út hannen fan Afûk-direkteur Koen Eekma. Mei in echte skelterrace krige de presintaasje fan it boek in noch feestliker tintsje.

De gemeente Ferwerderadiel wol it Frysk ûnder syn ynwenners stimulearje.

Dêrom wurdt alle jierren de aksje "Jou in bern in boek" foar basisskoalbern organisearre om it Frysk lêzen te befoarderjen. It jout neffens de Afûk oan dat it Frysk genôch takomst hat. Alle 119 bern út groep 2 fan de basisskoallen yn Ferwerderadiel krije it boek oanbean troch de gemeente. De gemeente Ferwerderadiel is oer twa jier net mear selsstannich. Hijma wol besykje om tsjin dy tiid de aksje út te rôljen yn hiel Noardeast-Fryslân. De Afûk giet de kommende jierren fleurich fierder mei it útjaan fan Fryske berneboeken. Learmiddels Frysk wurde hieltiid mear digitaler, mar fan printeboeken en foarlêsboeken bliuwt in publyk, tinkt Afûk-direkteur Eekma.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)