Deade bisten oanspield op It Amelân

12 maaie 2016 - 12:38

Op it strân fan It Amelân binne deade bisten oanspield. Dat meldt Richard Kiewiet, jacht- en terreinopsichter op it eilân, op Twitter. It is net bekend wêr't se wei komme.

Ien van de bisten is in laam mei in earmerk. Hy hat ek in bistje sûnder kop fûn, mar wit net wat it is. Kiewiet hat in oprop dien foar suggestjes.

Trefwurden: 
bisten It Amelân
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)