Friezen binne tefreden oer frijwilligerswurk

12 maaie 2016 - 12:20
  • Frijwilligers melde harren oan op in soarchkongres

Seis op de tsien leden fan it Frysk boargerpanel docht op dit stuit frijwilligerswurk en is dêr oer it generaal tefreden oer. Dat docht bliken út sifers fan it Fries Sociaal Planbureau. De frijwilligers jouwe harren wurk in 8 as gemiddeld rapportsifer. It measte frijwilligerswurk wurdt dien by sportferienings.

Oanlieding foar it ûndersyk is dat hieltyd mear gemeenten taken en ferantwurdlikheden by boargers dellizze. It buro wol witte wat dêrfan it effekt is op frijwilligerswurk en boargerinisjativen.

It Fries Sociaal Planbureau sil dat ek de kommende jierren yn de gaten hâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)