Aline Ndikumana moat mei har bern werom nei Boerûndy

It azc yn Burgum © Omrop Fryslân
Aline Ndikumana en har bern fan 6 en 4 jier moatte werom nei Boerûndy. Dat hat de rjochter bepaald. Tongersdeitejûn wurde se op it fleantúch set. Ndikumana flechte sa'n 10 jier lyn nei Nederlân en wenne sûnt augustus 2015 mei har bern yn it AZC yn Burgum. No sitte se al acht wiken yn it detinsjesintrum yn Zeist.
Mirjam Deelstra út Burgum hat de ôfrûne tiid mei twa oare froulju aksjefierd foar it gesin, yn de hoop dat Ndikumana en har bern bliuwe mochten.
Tongersdei hawwe sy noch in petear mei boargemaster Ter Keurs fan Tytsjerksteradiel om mooglik wat dwaan te kinnen tsjin de útsetting.