Mear as 10.000 Fryske learlingen dogge eineksamen

12 maaie 2016 - 11:11

Mear as 10.000 Fryske learlingen fan de middelbere skoalle dogge de kommende wiken eineksamen. Tongersdei is de earste dei en it earste eksamen is foar de havo, it fak Maatskippijwittenskippen. Op lang net alle skoallen wurdt dat fak jûn, mar wol op ûnder oare it Comenius Marienburg yn Ljouwert.

De eksamens duorje oant en mei freed 27 maaie. Heal juny wurdt bekend oft de learlingen slagge binne of net, of noch foar in wereksamen moatte.

It tal eksamenkandidaten yn Fryslân (DUO)

Havo    2629
VWO    1335
VMBO    6671
totaal 10.635
Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)