Fertochte deaslach Fiskerijdagen foar de rjochter

12 maaie 2016 - 10:59

Foar de rjochtbank yn Ljouwert tsjinnet op dit stuit de saak fan in man út Harns dy't mei de Fiskerijdagen ferline jier Piet Lichtendahl út Kimswert deaslein hat. De fertochte soe it slachtoffer yn in kroech hiel hurd op de holle slein ha, wêrnei't dy ferstoar.

De fertochte joech op de sitting ta dat er flink dronken hie en dat er miende dat in maat fan him spul hie mei Lichtendahl. Mar yntusken binne der ek bylden út de kroech fertoand yn de rjochtbank en dêrop is neat te sjen fan in mieningsferskil.

De fertochte jout ta dat er fout west hat, dat er oansketten wie en dat er der net hielendal by wie.

Ferslachjouwer Auke Zeldenrust folget de saak en docht ferslach op Twitter. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)