Plysje siket tsjûgen fan deadlik ûngelok by Jirnsum

© CAMJO media
De plysje fan Ljouwert is noch hieltyd op syk nei tsjûgen fan it deadlik ûngelok op de Reinerswei by Jirnsum op 13 april. By it auto-ûngelok kaam in famke fan 14 jier út Aldehaske om it libben. De bestjoerder en trije oare ynsittenden, yn 'e âldens fan 16 oant 18 jier, rekken ferwûne.
De plysje wol yn kontakt komme mei de bestjoerder of ynsittenden fan in wite Volkswagen Transporter dy't koart foar it ûngelok ynhelle waard troch de auto fan de slachtoffers. Tsjûgen kinne harren melde by de plysje.