Diskusje oer lokaasje AZC Harns

11 maaie 2016 - 23:15
  • It Gemeentehûs fan Harns

By in kommisjegearkomste yn Harns oer it takomstige AZC wie der ien fraach dy't kear op kear wer weromkaam. Wêrom moat it AZC op it Balkland terrein komme? Omwenners út in senioareflat hawwe soargen oer har feiligens, har útsjoch en de rêst. Riedsleden freegje kear op kear wêrom it net op it Koemen terrein kin, it plak oan de seedyk dêr't earder it swimbad siet. Mar it kolleezje wol dêr neat fan witte. It is in stik djoerder, der moat folle mear oan dien wurde foardat de flechtlingen der terjochte kinne en dy tiid is der net.

Oer twa wike wurdt dúdlik oft de ried in moasje yntsjinnet om ûndersyk te dwaan nei it Koemen terrein. As dat sa is sil de bou fan in AZC bot fertraging oprinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)