Fedde Dijkstra wint Grut Frysk Diktee

Mei tsien flaters hat Fedde Dijkstra út Wurdum it Grut Frysk Diktee wûn. It diktee waard foar de fjirtjinde kear hâlden, tradisjoneel yn de steateseal fan it provinsjehûs. Twads waard Tineke Hoekstra fan Noardburgum mei in heale flater mear. De winner fan ferline jier, Jan Ybema, einige mei alve flaters op it tredde plak. Der diene 45 minsken mei, wêrûnder tsien bekende Friezen, lykas keatser Chris Wassenaar en presintatrise Welmoed Sijtsma. Fan harren wie aktrise Tamara Schoppert mei 22 flaters de bêste.
De tekst fan it Grut Frysk Diktee is skreaun troch skriuwer/sjoernalist Sietse de Vries en hie as tema generaasjeferskillen. Mei yn de tekst in soad âldfrinzige wurden dy't jongeren net in soad sizze, lykas meepsk en kealôffearnje. "Ik ha allegear nije wurden heard. Ik wit de betsjutting noch hieltyd net, mar ik ha se wol heard", sa seit presintatrise Welmoed Sijtsma fan it Jeugdjournaal. Ek foar keatser Chris Wassenaar wie it in drege jûn: "By it foarlêzen tinkst noch fan dit falt ta. Mar ast it dan opskriuwe moast, dat is it minste. Ek by de gewoane wurden."
Sjueryfoarsitter Hindrik Sijens jout nei it neisjen ta dat it by guon wol in slachfjild wie, mar dat oaren it ek goed makke ha. Uteinlik is it Fedde Dijkstra dy't de minste flaters makket. "It wie wol in pittich diktee, mar krekt as oare jierren. Mar it is no better gien, dus blykber wie it wat makliker", reagearret de winner. Foar de bêste BF-er wie de winst it folsleine ferrassing. "Wat leuk! Dit hie ik net tocht. Ik hâld myn priis de hiele wike om", sa seit Tamara Schoppert.
It Grut Frysk Diktee wurdt organisearre troch de Afûk, Cedin, Provinsje Fryslân, de Fryske Akademy en Omrop Fryslân.