Gitarist Jan Peter Hoekstra en Douwe Bob fol selsbetrouwen

11 maaie 2016 - 18:27

It wie miskien wol wat ferwachte, mar it moast fansels wol barre: Douwe Bob yn de heale finale fan it Eurovisie Songfestival. Mei in flekkeleaze útfiering fan it ferske "Slow Down" makke de band yndruk, op de sjuery mar ek op de miljoenen sjoggers. Gitarist fan Douwe Bob is de út Fryslân ôfkomstige Jan Peter Hoekstra. Hy is berne yn Snits en groeide op yn Oerterp. Harm Weistra hie him oan de telefoan. In petear oer de miening fan de BBC en plantespuiten mei whiskey.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)