Feilich ûnderwiis op ROC Friese Poort

11 maaie 2016 - 18:18
  • De Friese Poort oan de Anne Wadmanwei yn Ljouwert

Studinten en meiwurkers fan ROC Friese Poort fiele har feiliger as oare MBO-studinten en dosinten yn Nederlân. Dat docht bliken út de Monitor Sociale Veiligheid dy't yn opdracht fan de MBO Ried útfierd is. Lanlik sjoen fielt rom 88% fan de studinten har feilich en by de meiwurkers is dat persintaazje 91%. ROC Friese Poort sit sels boppe dat gemiddelde.

Benammen op it mêd fan spijbelaars en jongeren dy't sûnder dilpoma fan skoalle gean skoart ROC Friese Poort better as oare MBO-skoallen.

De skoalle tinkt dat studinten har feiliger fiele yn de skoalle om't der in soad yndividueel omtinken is foar spijbelaars en skoalferlitters.

In ferbetterpunt is de romte dy't meiwurkers en studinten hawwe op skoalle. Om't der al jierren hieltyd mear studinten by komme, wurde de skoalgebouwen stadich oan te lyts. Dêrtroch fiele guon meiwurkers of studinten har wat minder feilich. ROC Friese Poort is op dit stuit dwaande mei plannen foar útwreiding.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)