Ynwenners Eaststellingwerf kinne nei publyksdei

Gemeente Eaststellingwerf
Ynwenners fan Eaststellingwerf kinne freed oer in wike op 20 maaie mei bepale wat foar projekten op it mêd fan soarch, grien, sport, keunst, histoarje en ekonomy jild krije moatte fan de gemeente. Dan wurdt yn it gemeentehûs in publyksdei hâlden.
Meielkoar is der 330.000 euro te ferdielen. De plannen dy't yntsjinne binne, binne earder al toetst oan de betingsten dy't de gemeente earder opsteld hie. Ek is der al in advyskommisje dy't punten útdield hat. De punten fan de besikers fan de publyksdei wurde dêr dan by opteld.
It úteinlike beslút wurdt naam troch it kolleezje fan b. en w. Letter dit jier is der opnij in kâns om plannen yn te tsjinjen.