Drokte fan belang by ferbouwing Thialf

Op It Hearrenfean wurdt op dit stuit hurd wurke oan it fernijen fan it dak fan iisstadion Thialf. Oer fiif moanne moat de grutte renovaasje fan Thialf klear wêze. Op it dak komme 5000 sinnepanielen te lizzen. Ek wurdt der in dikke isolaasjelaach oanbrocht. Bysûnder is dat it âlde dak hast hielendal brûkt wurdt foar it nije stadion. Mei fizels wurdt it âlde dak twa sintimeter optild. Op dit stuit wurkje der tusken de 150 en 200 minsken oan de renovaasje fan Thialf. Utsein it dak, is de bûtenkant fan it stadion sa goed as klear.
De 5000 sinnepanielen op it dak binne goed foar in fjirde part fan it enerzjyferbrûk fan Thialf. Op 15 oktober moat it allegearre klear wêze. It folslein fernijde Thialf wurdt dan iepene foar it publyk.