Snoekbears as byfangst mei noch in jier langer

Sake van der Meer wurdt earelid
Fryske beropsfiskers meie noch in jier langer snoekbears fange en ferkeapje. Dat is besletten op de algemiene ledegearkomste fan Sportfiskerij Fryslân. It giet om de saneamde byfangstregeling. Snoekbears dy't meifongen wurdt mei de reguliere ielfiskerij mei dan dochs meinommen wurde troch de beropsfiskers.
Der is wol bepaald dat it kwotum ferlege wurdt, fan 14.000 kilo nei 10.000 kilo. De fiskers moatte oansletten wêze by it Frysk bûn fan binnenfiskers om oan de regeling mei dwaan te kinnen.
Op de algemiene ledegearkomste is ôfskied naam fan foarsitter Sake van der Meer. Hy hat 20 jier as bestjoerder ferbûn west oan Sportfiskerij Fryslân. Van der Meer is earelid wurden.