Boargemaster Crone dielt flyers út tsjin kriminaliteit

Boargemaster Ferd Crone, de plysje en it Centrum voor Criminaliteitspreventie en Veiligheid (CCV) diele woansdei flyers út oan ûndernimmers yn de Ljouwerter binnenstêd. Dat hat te krijen mei in gearkomste op moandei 23 maaie. Dy wurdt organisearre troch de gemeente Ljouwert.
It doel is om it risiko op kriminaliteit lytser te meitsjen. Sa soene ûndernimmers ûnderling ôfspraken meitsje kinne oer bygelyks it tegearre ôfsluten fan harren saak. De kâns op in oerfal of ynbraak wurdt op dy wize mooglik lytser.
Neffens de wykagint yn de binnenstêd giet it dêr goed mei de feiligens, mar neffens him is it goed om dit soarte gearkomsten te organisearjen. It hâldt de ûndernimmers nammentlik attint, tinkt de wykagint.