Mei-oprjochter noardlike omroppen Jan Posthumus ferstoarn

Jan Posthumus © Youri Bakker/RTV Noord
Jan Posthumus, mei-oprjochter fan de trije noardlike omroppen is moandei ferstoarn. Dat meldt RTV Noord. Koart nei de Twadde Wrâldoarloch makke de doe 20-jierrige Posthumus tegearre mei syn goede freon Gijs Stappershof in begjin mei de oprjochting van in regionale omrop foar Fryslân, Grinslân en Drinte. Sûnt 1946 is dizze Regionale Omroep Noord (RON) úteinlik útgroeid ta Omrop Fryslân, RTV Noord en RTV Drenthe.
Jan Posthumus is 91 jier wurden.