Opposysje yn Weststellingwerf fielt har bûtenspul set

Trije opposysjepartijen fan de gemeente Weststellingwerf fiele har bûtenspul set troch de kolleezjepartijen. Weststellingswerfs Belang, Vrijheid voor Allen en Weststellingwerf Natuurlijk meie net meidwaan oan de petearen dy't in delegaasje fan de gemeenteried hâlde sil mei de kollega's fan Opsterlân en Eaststellingwerf.
Yn febrewaris is yn de ried besletten om mei Opsterlân en Eaststellingwerf te praten. Omdat de opposysjepartijen tsjin in fúzje binne, like it de kolleezjepartijen VVD, PvdA en CDA net handich dat se yn de delegaasje sitte.