Steuring spoarbrêge Grou kaam troch ôfbrutsen klep

11 maaie 2016 - 12:27

De steuring yn de spoarbrêge oer it Prinses Margrietkanaal by Grou tiisdeitemiddei kaam troch in ôfbrutsen klep. Neffens ProRail giet it om in útsûnderlike steuring. It is net dúdlik hoe't de klep ôfbrekke koe.

Troch de steuring lei it treinferkear tusken Ljouwert en Akkrum oerenlang stil. Ferfierder NS sette bussen yn tusken Ljouwert en It Hearrenfean. De ekstra reistiid koe oprinne ta mear as in oere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)